TJERKWERD – Woensdag 31 juli 2012: het is de dag van de 159ste PC. Een dag die het leven van de 21-jarige Thomas van Zuiden flink op de kop zal zetten. Maar niet alleen het leven van Thomas van Zuiden staat op zijn kop ook het leven van zijn maten Hendrik Tolsma en René Anema verandert op slag. Niet dat ze nu een bekende Nederlander zijn maar de PC winnen is misschien nog van een andere categorie. In Friesland in ieder geval wel. Jan Braaksma blikt met Thomas terug op de opzienbarende zege op de 159ste PC en kijk met een schuin oog vooruit naar de 160ste editie.
Tinkst der noch wolris oan?
“Ja, fansels. It is no hast in jier lyn mar it lit je net sa gau mear los. It wie ek wol bysûnder fansels. Wy wienen absolút net favoryt. Dat paste mear by de partoeren fan Gert-Anne van der Bos, Jan-Dirk de Groot en Martijn Olijnsma-en-dy. Foaral it lêste partoer stie heech oanskreaun nei de mear as knappe winst op de generale yn Arum. Dat wie mei ús partoer wol oars. De sneons yn Seisbierrum bakte ik der sels net folle fan en wy krigen dêr ek gjin poat oan de grûn. Ik sei noch tsjin Hendrik en René dat dat ferlies foaral myn skuld wie. Ik rekke gjin pipernút. Kaam nei alle gedachten ek troch it feit dat ik krapoan fjirtjin dagen foar de PC net mear traind hie. Ik hie lêst fan de knibbel en hie bewust foar rêst keazen. It siet my yn dy tiid ek net mei want yn Huzum wie ik der ek al net by trochdat ik siik wie. Nee, de tarieding wie net sa as er wêze moast of koe. Kaam noch by dat it yn Arum ek foar gjin meter rûn. Wy moasten dêr tsjin it partoer fan Martijn Olijnsma en dat wie hielendal neat. De mannen wienen dy sneins superieur. Op de PC koe it allinne mar better gean.”
Jimme moatte dan yn de earste omloop tsjin it partoer fan Pieter van Althuis-en-dy. Mannen hienen yn Boalsert wûn mar dêr waarden jimme net bang fan?
“Nee, beslist net. Tidens it wachtsjen seach ik wol dat de kopkes fan de mannen strak stienen. Ik tink dat hja mear lêst fan senuwen hienen as wy. Sjoch, der waard fan ús feitlik neat ferwachte. Hja moasten en wy mochten. Dat makket wol in grut ferskil. Komt by dat Hendrik (Tolsma) en René (Anema) net sa gau yn ‘e war reitsje. René hâldt altyd it oersjoch en Hendrik krije je ek net maklik gek. Mannen makken wol punten mar de buordsjes gongen allegearre ús kant op. Hendrik sloech bêst op en oan de oare kant waarden gewoan te folle fouten makke. Op 5-0 en 6-6 miste opslagger Pieter van Althuis de krite. Ja, dat fûn ik wol goed fansels. Ik hie sels net goed keatst en dochs gean je mei skjinne fiif earsten troch nei de twadde omloop. Dat is ek keatsen.”
Dan moatte jimme yn de twadde omloop tsjin Jelte-Pieter Dijkstra-en-dy. Dat kaam net ûngelokkich út fansels. It hie minder kinnen.
“Tuurlik. Hoe’t je yn de list sitte is altyd moai meinommen en op de PC telt dat dûbel. Ek yn dizze partij siet it ús bepaald net tsjin. Erik Haitsma, dêr witte je fan dat hy graach it each op de boppe hat, sloech op seis gelyk kwea út. Sokke slagen telle dûbel en doe’t Peter de Boer op 2-0 en 6-6 de keats net foarby slaan koe waard it gefoel oer de ôfrin fan partij der allinne mar better op. Ik sels keatste ek better as yn de earste partij. Ik begûn de ballen wat better te reitsjen en Hendrik en René wienen goed en makken ek yn dizze partij mar in bytsje fouten.”
Krekt as yn 2010 stiesto dan wer yn in heale finale. Jimme tsjinstanner is dan it partoer fan Martijn Olijnsma-en-dy, dy’t jimme yn Arum noch in geweldich pak foar de broek jûn hienen. Hoe binne jimme dy wedstriid yngongen. Wat sei de coach?
,,No, om mar mei it lêste te begjinnen. Wy hienen gjin coach. René wie ús coach. Hy is de âldste fan ús partoer en René is ús oanfierder en coach. In coach moat wol ‘toegevoegde’ wearde ha, oars hat it gjin sin. In keatser sjocht sels ek wol wat hy goed of fout docht. Je moatte it sels ommers dwaan. Persoanlik ha ik der gjin behoefte oan. Sjoch, as je sels net sjogge wat je fout dogge dan kinst der likegoed mei ophâlde. Nee, wy hienen yn René in poerbêste oanfierder en coach. René wit bliksems goed hoe’t de hazzen rinne. Wat in trainer oanbelanget leit dat wat oars. Ofrûne jier hienen wy dy ek net. Dirk-Jan van der Woud hat ien kear in training jûn mar foar de rest ha wy it meast yn Reduzum, Arum en Tsjerkwert traind. No wurde wy traint troch Hillebrand Smid fan Wytmarsum. It moat ek wat passe. Hillebrand is in rêstich persoan. Gjin ropper en razer. Dy moatte wy ek net ha. Mar goed wy wisten dat wy al better keatse moasten as yn Arum om in kâns te meitsjen tsjin Martijn Olijnsma-en-dy.”
Mar jimme hienen dochs ek wol sjoen dat it partoer fan Martijn Olijnsma folle minder sterk keatste as yn Arum?
“Ja, tusken de partijen troch hienen wy dat ek wol sjoen. Foaral Martijn hie net de foarm fan Arum. Dat fûnen wy net slim fansels. Ik kin my de partij noch wol foar de geast helje. Wy kamen mei in spul foar. It waard gelyk mar wy bleaunen wol altyd in buordsje foar. Op 5-4 en 6-2 like it beslikke mar René sloech doe spitigernôch de bal kwea. Ja, dan wurdt it ek noch fiif earsten gelyk. Je witte dat it dan alle kanten op kin. Gelokkich foar ús smyt Martijn der dan twa ballen út en op 5-5 en 6-2 slaan ik dan foar de twadde kear boppe. Geweldich fansels, foaral omdat wy dat net ferwachte hienen.”
Wat foaral ek opfoel wie it feit dat jimme net folle lûd jouwe op it fjild. De prikken fan de tsjinstanners ha blykber gjin ynfloed op jimme.
“Dat is wier. Je moatte in tsjinstanner dy’t net yn de partij sit net wekker meitsje. Net earder as de partij yn de knip sit. Sit ek net echt yn ús partoer. Wy dogge ús ding en besykje dat sa goed mooglik te dwaan.”
Dan de finale tsjin it kânspartoer by útstek Gert-Anne van der Bos-en-dy. Tochten jimme in kâns te hawwen. Yn Harns hienen jim sjen litten dat jimme fan dizze mannen winne koenen?
“No, wy hienen wol sjoen dat de mannen krekt op dizze dei net yn grutte foarm stutsen. Sawol yn de earste as yn de twadde omloop hienen de mannen der sa ôf kinnen. Foaral yn de partij tsjin Michiel Scheepvaart-en-dy tocht ik dat rêde se net mear op. De wedstriid tsjin Johan van der Meulen-en-dy hie ik net sjoen omdat wy mei ús eigen tarieding oan de gong wienen. Mar yn de finale gong it boppe ferwachting. Alles foel by ús te plak. Eltse slach dy’t der ta die gong ús kant op. Mannen wienen yn it perk beresterk mar oan de stuit makken se it ús wol hiel gemaklik. Op earsten gelyk sloech René geweldich ûnderhâns boppe en op 2-1 en 6-4 joech Hendrik in geweldige sitbal. Wy wisten net wat ús oerkaam. By 5 om 1 like de partij rûn mar doe krige Hendrik lêst fan kramp yn it kût. Nei de foarbal fan Hendrik begûn foaral Taeke fan him ôf te slaan en yn in poep en in skeet wie it 5 om 3. Doe sei Hendrik dat hy net mear koe en de partij waard stil lein. Hendrik gong nei de klaaiboks en wy bleaunen op it fjild. Dat it sa lang duorre hat is my ûntgongen. Ik hie sels wol yn de gaten dat it einde oefening foar Hendrik wie. Ik ha doe al mei René oerlein hoe no fierder. Wy hienen dit al ris earder by de ein hân. Dat it sa lang duorre hat, hat ús wol yn de kaart spile. Mar dan hie de skiedsrjochter der mar wat fan sizze moatten. It is net oan ús om dat te dwaan. Je wolle winne. Hoe, dat makket op sa’n stuit net folle mear út.”
It wurdt dochs noch spannend as de mannen op 5 om 4 komme. Hast noch twivele oft it wol goed komme soe?
“Fansels, je witte it noait. Sjoch, Taeke begûn te let op te slaan en dat hat ek yn ús foardiel wurke. As René dan de lêste bal boppe slacht dan witsto net wat der dan bart. Myn broer Peter wie it earste by my om my te lokwinskjen. Je wurde hinne en wer slingere. It is in grut pandemonium. As je dan ek noch útroppen wurde ta kening fan de partij dan falle je efkes stil. Ik hie der wol rekken mei hâlden mar ik fûn ek dat Hendrik in bêste kâns makke. Syn blessuere hat yn myn foardiel wurke. Ik fûn trouwens wol dat René der bekaaid ôfkommen is. Dy trije punten wienen te min. In ferdieling fan sân, seis en fiif punten hie better west en hie ek mear rjocht dien oan ús prestaasje.”
Komende woensdag zal er in elk geval geen reprise komen want het partuur dat de PC in 2012 won is uit elkaar gevallen. Hendrik Tolsma ging en Arnold Zijlstra kwam. Aan het eind van de 160ste PC zal blijken of dat een goede beslissing is geweest.
Jan Braaksma
#bolswardsnieuwsblad #Friesland